Fryslân docht berop op Portugal: beskermje de skries, bou gjin nij fleanfjild

06 jun 2020 - 07:00

Yn Portugal wurde takom wike net allinnich in 40.000 Nederlânske hantekens oerlange tsjin de bou fan in fleanfjild, mar ek in brief fan de Fryske Deputearre Steaten. Yn dy brief oan premier Costa en presidint Rebelo de Sousa skriuwt de provinsje wêrom't dat fleanfjild yn de wiete delta fan de Taag min útpakke sil foar de skriezen dy't dêr sitte.

Fryslân freget Portugal fleanfjild net te bouwen om skries

Earst soe deputearre Douwe Hoogland nei Portugal ta om dêr omtinken te freegjen foar it probleem. Dat giet net troch en dizze brief, dy't yn it Portugeesk en Ingelsk opsteld wurdt, is no it alternatyf. "Yn nauwe gearwurking mei Vogelbescherming Nederland hiene wy in petysje en dy woenen wy graach oerlangje oan de ambassadeur", seit Hoogland. "Dat is troch it coronafirus net trochgien. En wy soene 17 april ek noch nei Portugal ta om dêr in oerlanging te dwaan oan de minister omdat dêr in gearkomste wie wêr't wy de gelegenheid krigen om ek ús wurdsje te dwaan."

De coronakrisis helle in streek troch dat alles. Yn de brief wurdt dúdlik makke dat de skries út driget te stjerren en dat allinnich Fryslân alle jierren sa'n 15 miljoen euro stekt yn it rêden fan de greidefûgels.

Skriezen bouwe yn Portugal fet op foar Fryslân

Ien fan de wichtichste arguminten tsjin it fleanfjild is neffens Hoogland dat it gebiet diel útmakket fan in saneamde flyway fan de skries. "It gebiet fan de Taag bestiet út wetlands. As de skriezen út Afrika komme, is dat ien fan de plakken dêr't sy opfetsje kinne om de reis nei Fryslân te meitsjen. Se komme dan yn kondysje om hjir by ús ek te brieden."

In skries siket in wiet plak op yn de Warkumerwaard - Foto: Remco de Vries

Hoogland wol ek oanjaan dat dit in Europeeske oangelegenheid is. "We dogge hjir yn Fryslân in hiel protte om de skries te rêden. Dan moat dy flyway ek sa ynrjochte wurde dat dy net sa fersteurd wurdt. Want dan kinne wy ús doelstellings net helje."

Skriezen sykje net gau in oar plak

Wittenskippers yn Portugal en yn Nederlân ha earder dúdlik makke dat skriezen hiel honkfêst binne. As it nije ynternasjonale fleanfjild Montijo Airport der komt, sykje de skriezen net hiel gau in oar plak. Dat betsjut dat de fûgels hiel bot fersteurd wurde troch it fleanferkear. Dat kostet safolle enerzjy dat it dreger wurdt om sterk te genôch te wurden foar de reis nei Nederlân en it lizzen fan aaien.

It rapport oer de ekologyske gefolgen dat grien ljocht joech foar de bou fan it fleanfjild is no ek ûnderwerp fan in rjochtsaak yn Portugal. Dat is op inisjatyf fan ûnder oare de Portugeeske fûgelbeskerming. Troch ûnder oare it gebrûk fan net-aktuele gegevens soe dat rapport net doge. Eins soe der in nij ûndersyk komme moatte; in soarte fan Miljeu Effekt Rapportaazje sa't wy dy hjir kinne, seit Hoogland.

Gjin hege ferwachtings

De deputearre hat gjin oerdreaun hege ferwachtings fan it effekt fan de brief: "Ik tink ek net dat wy dêr te folle op foarút rinne moatte." It is troch de coronakrisis no wol wat te let foar dit jier, mar it Portugeeske regear wurdt yn de brief útnûge om in besite te bringen oan in Frysk greidefûgelgebiet.

Yntusken hat it Portugeeske regear dizze wike bekend makke gewoan troch te gean mei de bou. Wittenskipper José A. Alves, dy't tsjin it fleanfjild striidt, is no benaud dat de bou fan it fleanfjild gewoan úteinset, wylst de juridyske striid fierd wurdt.

Irony op mondiale dei foar it miljeu

"Oan de irony dat je krekt op World Environment Day sa prominint in plan promoatsje om ien fan de wichtichste wetlands fan Europa te fernielen, falt hast net te ûntkommen", skriuwt de Portugeeske fûgelbeskerming SPEA op Twitter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)