Stifting foar bern mei kanker waard slachtoffer fan ynbraak, mar krijt help

05 jun 2020 - 21:56

De pine is noch net fuort. Mar it wurdt al fersêfte troch alle waarme reaksjes. Renate Pander fan de stifting 'Ramon scoort tegen kanker' krige begjin dizze wike min nijs: by in ynbraak by izerbedriuw Hamstra yn Balk wie ek de foaiepot meinaam. Dêryn sieten hûnderten euro's om húshâldingen finansjeel te stypjen as harren bern kanker krijt. It jild is net werom, mar de famylje Pander hat goede hoop dat it allegear dochs noch goed komt.

De Panders yn Balk - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De ynbraak wie yn de nacht fan moandei op tiisdei. De pot stie op de toanbank en soe hast lege wurde. It wie in swiere klap foar de stifting. Dy is oprjochte troch Renate Pander nei't har soan kanker krige. "It foel my op dat der yn it sikehûs bern leinen dy't kwealik besite krigen. Har âlden koenen it net betelje of moasten wurkje. Ik fyn dat bern alle dagen besite krije moatte fan de âlden. Dat wie de reden om de stifting op te rjochtsjen."

Hulp oan gesinnen

Sa'n 20 gesinnen yn it jier krije help fan de stifting: "Se wurde nei ús trochferwiisd troch it maatskiplik wurk fan it Máxima Medisch Centrum yn Utrecht. Dy ha dan al bepaald oft se der rjocht op ha. Fan ús krije se dan 800 euro foar reis- en ferbliuwkosten."

Troch de jierren hinne is der al mear as 100.000 euro ophelle. Mar troch de coronakrisis wurdt it foar de stifting hieltyd dreger jild yn te sammeljen. Gewoanwei stean se op festivals en braderyen, mar dat kin no net. De boaiem is noch net yn sicht, seit Renate Pander, mar de echo klinkt al hurder. "We krije yn dizze coronatiid hieltyd mear oanfragen binnen foar stipe, omdat minsken it finansjeel dreech ha. Dus we ha it jild ek hurd nedich."

Hjir binne hast gjin wurden foar, wy snappe dit echt net.

Renate Pander oer de stellerij

Nei't de stellerij fan de foaiepot yn it nijs kaam, kamen fuort minsken yn aksje. Se rieden der spesjaal foar nei Balk ta. De famylje Pander is ek in crowdfundingsaksje begûn. Renate: "Ik tink dat we it bedrach dat we kwyt binne op dizze wize wol wer werom krije. Mar it is en bliuwt skande. Hjir binne hast gjin wurden foar, wy snappe dit echt net."

(advertinsje)
(advertinsje)