Part fan Achtkarspelen klear mei soarchcowboys

In part fan de gemeenteried fan Achtkarspelen is klear mei saneamde 'soarchcowboys'. Ferskate gemeenten ha te folle betelle oan guon oanbieders fan jeugdsoarch. As it oan de FNP, PvdA en PVV leit, docht Achtkarspelen gean saken mear mei dy bedriuwen.
It gemeentehûs fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De trije partijen wolle dat boargemaster en wethâlders alles weromfoarderje wat se te folle betelle ha oan de jeugdsoarchoanbieders. Dêrta ha de trije opposysjepartijen yn in moasje oproppen. Yn de moasje pleitsje se der ek foar om net wer mei dizze oanbieders yn see te gean.
Yn totaal ha achttjin gemeenten, wêrûnder Achtkarspelen, goed 8,5 miljoen euro te folle betelle oan de jeugdsoarchoanbieders. Yn Achtkarspelen giet it om 775.000 euro. In idee wie om it werombeteljen mei in ferdielkaai te regeljen, mar dan soe Achtkarspelen minder werom krije. Dat sjogge FNP, PvdA en PVV net sitten.

Stimming komt letter

De moasje is noch net yn stimming kaam; de tekst wurdt noch sa oanpast, sadat mooglik in mearderheid fan de ried it iens is mei it ferhaal. Ein juny praat de polityk yn Achtkarspelen opnij oer de saak.