Oardel miljard en ôfspraken foar it iepenbier ferfier: pine wurdt no ferdield

05 jun 2020 - 20:57

It Ryk lûkt oardel miljoen euro ekstra út foar it iepenbier ferfier. Dêrmei wurdt de pine lyk ferdield oer alle partijen, seit direkteur Paul Melles fan rederij Doeksen. It jild is bedoeld foar de ekstra kosten dy't it iepenbier ferfier meitsje moat en foar it yn stân hâlden fan in goeie tsjinstferliening.

De Midsland - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It jild giet ûnder oare nei de rederijen Wagenborg en Doeksen en ferfierder Arriva. Melles is bliid mei de ekstra bydrage. "We hebben in het Nationaal Openbaar Vervoer Beraad (NOVB) lang gesteggeld over het percentage in de kosten dat we nodig hebben om het openbaar vervoer kostendekkend te maken. De pijn wordt evenredig verdeeld. En er zijn afspraken gemaakt over monitoring van de kosten en controle achteraf."

No kin Doeksen farren bliuwe

Net alle pine is fuort mei dizze bydrage, al helpt it wol. "Het zal een slecht jaar worden voor ons, maar we kunnen ons nu aan de vervoersafspraken houden en blijven varen."

Melles spruts him de lêste tiid geregeld út oer de grutte jildpine dy't Doeksen hat. It bedriuw is ferplicht om te farren nei Flylân en Skylge, mar omdat de kapasiteit op de boaten troch coronamaatregels beheind is, falle de ynkomsten yn it neat by de kosten. "Dit kunnen we niet volhouden", sei er dêr earder oer.

'OV is essinsjeel'

Neffens steatssekretaris Stientje van Veldhoven fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat it iepenbier ferfier him yn de ôfrûne tiid fan de bêste kant sjen litten troch it ferfier yn stân te hâlden en oanpassings te dwaan om de bussen, treinen en boaten 'coronaproof' te meitsjen. "Het OV is een essentiële schakel in onze samenleving en dat onderstrepen we met deze vergoeding", sei Van Veldhoven yn in taljochting op it ekstra jild dat no beskikber steld wurdt.

Paul Melles, direkteur fan rederij Doeksen

(advertinsje)
(advertinsje)