UPDATE: Brânwacht hat dakbrân yn Burgum ûnder kontrôle

05 jun 2020 - 20:35

Oan de Wylch yn Burgum hat freedtejûn brân west yn it dak fan in wenning. De brânwacht hie opskaald nei it sein middelbrân. It wie al wol gau dúdlik dat der gjin minsken mear yn de wenning wiene.

Foto: De Vries Media

De brânwacht fan Gytsjerk, Burgum en de heechwurker fan Ljouwert ha meiholpen om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. Dat wie nei in lyts healoere it gefal.

De brân is nei alle gedachten ûntstien op de souder. De oarsaak fan de brân is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)