Sporter fan de Wike: Harmen Brouwer moat SKS-debút útstelle

Harmen Brouwer is de nije skipper op it skûtsje fan Langwar, mar hy moat syn SKS-debút foarearst noch efkes útstelle. Troch it coronafirus is it kampioenskip dit seizoen ôfsein en boppedat mei der ek fanwegen de coronamaatregels noch net traind wurde.
Besjoch hjirûnder de reportaazje oer Harmen Brouwer:
SfdW: Harmen Bouwer moat SKS-debút útstelle
Sadwaande moat Brouwer noch efkes geduld hawwe foardat hy mei syn bemanning yn aksje komme kin mei it skûtsje De Jonge Jan, en dat is net ienfâldich. Se wolle neat leaver as sa gau as mooglik it wetter op en sile.

Ferline

It skûtsje De Jonge Jan sylde fan 2001 oant en mei 2005 ek al foar Langwar yn de SKS. Dêrnei waard it skip kocht troch Jelle Talsma, dy't yn de IFKS kampioen waard yn 2009. Letter skippere soan Fonger Talsma noch in tal jierren yn de IFKS.
Harkje hjir nei de reportaazje oer skipper Harmen Brouwer
Fonger Talsma, Jelle Talsma en Harmen Brouwer op de Jonge Jan © Hilda Talsma
Yn desimber 2019 hat Talsma it skûtsje oanbean oan Harmen Brouwer om foar Langwar yn it SKS-kampioenskip út te kommen.
Harmen Brouwer (37) is de twillingbroer fan Sytze, de skipper fan it skûtsje fan It Hearrenfean. Harren heit, Pieter Sietsesz. Brouwer, waard earder trije kear kampioen mei It Hearrenfean yn de SKS. It skûtsje De Jonge Jan sylde yn it ferline ek al es yn 'e SKS en waard yn 1953 kampioen. Skipper wie doe Tjitte Janz. Brouwer, de oerpake fan Harmen en Sytze.