Gemeenten meie tenei bepale oft boa's wapenstôk krije: "Acties hebben geholpen"

05 jun 2020 - 18:36

Mear bûtengewoan opspoaringsamtners (boa's) kinne in wapenstôk brûke. It foech om dêr tastimming foar te jaan leit tenei by de boargemaster, plysjesjef en de offisier fan justysje. De boa's ha de lêste tiid aksjefierd en oantrune om mear ferdigeningsmiddels. Dy kinne se no dus krije. "De acties hebben zeker meegeholpen", tinkt Anne Schurer, boa yn Ljouwert.

Foto: ANP

"In de coronacrisis hebben we meer handhavende taken opgepakt", seit Schurer. "Dat heeft tot wat geweldsincidenten geleid en dat willen we voorkomen." Mei wapens soene de boa's har tsjin geweld ferdigenje kinne, is de gedachte. Yn earste ynstânsje giet it dus om de wapenstôk, mar der wurdt ek noch ûndersyk dien nei it brûken fan pepperspray.

Earst noch training

As boa's in wapen brûke, dan moatte se dat wol útlizze. "Je moet uit kunnen leggen waarom je dat hebt gedaan, maar dat is niet meer dan normaal. Voordat het zover is, moet je als handhaver ook getraind worden. En het moet nog precies in de wet worden vastgelegd wanneer je de wapenstok daadwerkelijk in mag zetten."

In ynsidint yn IJmuiden, wêrby't hanthaveners oanfallen waarden op it strân, kaam lanlik yn it nijs. Mar ek yn Fryslân ha boa's te krijen mei gefaarlike situaasjes, fertelt Schurer: "Hier in Leeuwarden trok iemand een mes bij het station, een collega is bedreigd met een schroevendraaier, een andere collega werd bij de Waag in het gezicht geslagen. Dat wil je niet tegenkomen in je werk."

Gemeenten witte it better

Dat no lokaal bepaald wurdt oft boa's wapens brûke meie, fynt Schurer in goede saak. "Dat is beter, want de handhavers worden hoofdzakelijk ingezet door gemeenten. Die hebben ook kennis van wat er speelt."

Earder spruts boargemaster Buma fan Ljouwert him al út foar wapens foar boa's. "We ziens soms echt onveilige situaties, als de politie niet in de buurt is", sei er. "Dan moeten de boa's zich kunnen verdedigen."

Anne Schurer, boa yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)