Pieter Weening: "Ik fiel my noch fit genôch foar de grutte wedstriden"

05 jun 2020 - 22:38

Vincenzo Nibali giet yn de Giro d'Italia mei Pieter Weening op jacht nei de rôze trui. De Harkyt rydt foar syn nije ploech Trek-Segafredo en de earste koers dy't er rydt is wierskynlik de Strade Bianche op 1 augustus. Dan giet it hurdfytsseizoen wer los, is de bedoeling.

Pieter Weening wiidweidich oer syn nije ploech en takom seizoen:

Pieter Weening

In man dy't in grutte rol spile hat yn de komst fan Weening nei syn nije ploech is Steven de Jongh, de âld-hurdfytser en no de ploechlieder fan Trek-Segafredo. Yn 'e winter hawwe beide manlju al kontakt mei-inoar hân. "Dy seach it wol sitten en dy hat de minsken dêr der waarm foar makke. Yn it begjin fan it jier kaam it yn in streamfersnelling. Yn maart soe ik al útkomme foar dy manlju, mar doe kaam it coronafirus om 'e hoeke sjen. Dus alles is wat letter wurden", sa seit de Harkyt, dy't earder al twa Giro-etappes en ien Tour-etappe wûn.

'Niet lullen, maar trappen'

Mar wêrom wol De Jongh Weening no sa graach by syn ploech ha? De Jongh: "We waren nog op zoek naar iemand die een grote ronde aan kan met een hoop ervaring. Pieter is iemand van 'niet lullen, maar trappen' en dat past wel bij ons. Het niveau dat hij vorig jaar heeft laten zien, was voor ons voldoende om voor Pieter te gaan."

Ploechlieder Steven de Jongh oer Pieter Weening

It is de bedoeling dat alle trije de grutte rondes (Giro d'Italia, Tour de France en Vuelta d'España) dit jier noch ferriden wurde. Weening lit him op 'e flakte hokker hy fytst, mar ploechlieder De Jongh skept dúdlikheid: "Dat weet Pieter zelf ook, dat dat de Giro wordt. Hij gaat bijna een heel Italiaans programma rijden. Eerst een hoogtestage in San Pellegrino, daarna koersen als Milaan-San Remo, de Ronde van Lombardije, de eendaagse wedstrijden daarvoor. De Tirreno gaat hij rijden. En de eerste koers wordt Strade Bianche op 1 augustus."

Foto: Trek-Segafredo

De ein fan de hurdfytskarriêre fan Weening drige ein ferline jier, doe't sponsor Roompot der mei ophold. Dochs hat er de hiele winter noch wol troch traind, úteinlik mei in kontrakt by Trek-Segafredo as gefolch.

It wie gjin must, mar ik fyts gewoan noch graach.

Pieter Weening

"Ik bin hjir bliid mei", seit er. "It wie gjin must, mar ik fyts gewoan noch graach en ik fielde my noch fit genôch om dat soart grutte wedstriden noch oan te kinnen", fertelt Weening fanút syn hûs yn België.

Weening wurdt de tredde Nederlanner by Trek-Segafredo. Ek Bauke Mollema en Koen de Kort ride foar de formaasje. De fraach is allinne wannear't it hurdfytsseizoen wer begjinne kin. Weening: "It is wat in raar jier, mar we sjogge it wol. We probearje it bêste derfan te meitsjen. It is yn elts gefal in leuke ploech. En as alles wer in bytsje goed rint, kinne we der in moai ein oan meitsje sa."

Italiaansk

Weening sil dus gearwurkje moatte mei Nibali. De Italiaanske hurdfytser dy't alle grutte rondes in kear wûn, komt ek út foar Trek-Segafredo. Hoe is it Italiaansk fan de Harkyt? "Ik kin wol in pear wurden. In hiele konversaasje wurdt muoilik, mar ik nim ek wol oan dat dy mannen in pear wurden bûten de doar prate. It fytstaaltsje is net sa muoilik hear. It measte moatst mei de fuotten sprekke, dat is fierwei it belangrykste", laket Weening, dy't yn 2004 syn earste grutte ronde ried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)