Ryk jout 200 miljoen subsydzje oan kultuer; Fryslân krijt 1,2 persint

05 jun 2020 - 22:48

In bytsje grimmitich. Dat gefoel krige Steatelid Anne Zijlstra (PvdA) doe't er it jongste advys fan de Raad voor Cultuur ûnder eagen krige. De Raad mei de kommende fjouwer jier twahûndert miljoen oan Rykssubsydzje ferdiele, mei ekstra omtinken foar fernijing en regionale sprieding. Mar hoewol't sprieding oer de regio it útgongspunt is, kriget Fryslân neat ekstra's, ta ferbjustering fan Zijlstra.

kultuerjild

"Der giet 85 miljoen euro nei Amsterdam en Grins krijt der ek jild by. It is net sa dat ik it se net gun, mar wy moatte der echt foar soargje dat der ek mear jild nei Fryslân giet", is de reaksje fan Zijlstra. "Foar safier't ik it no besjen kin, krijt Fryslân 1,2 persint fan de kultuerjilden, en dat fyn ik echt te min."

Tryater wol folslein honorearre

De iennichste Fryske oanfraach dy't folslein honorearre wurdt troch de Raad voor Cultuur is dy fan Tryater. It Fryske toanielselskip is de kommende fjouwer jier wis fan 1,6 miljoen subsydzje en krijt der ek noch in stikmannich kompliminten op ta. It selskip wurdt sjoen as 'fernijend' en in 'goed poadium foar jonge teätermakkers'.

"Tryater docht it hartstikkene goed. Dêr wurde je echt bliid fan as je dat lêze", seit Zijlstra.

Mar by Tryater liket it goeie nijs foar Fryslân ek op te hâlden. Oerol moat twa fan de sân ton rykssubsydzje ynleverje. It Skylger festival moat boppedat foar de simmer fan 2021 'bettere plannen' ynleverje om stipe fan it ryk te behâlden. It Fries Museum krige sa'n selde 'Ja, mits' beoardieling, mar giet der fan út dat it nei ferrin fan tiid wol goed komt.

De ferdieling fan de kultuerjilden dy't foar it earst stipe wurde. - Foto: Raad voor Cultuur

Yn de taljochting op it advys skriuwt de Raad voor Cultuur dat fierwei de measte subsydzje-oanfragen út de Rânestêd komme. De Raad lit fierder witte it hiel spitich te finen dat út guon provinsjes mar in lyts tal oanfragen dien is. Dat jildt neffens de Raad ûnder oare foar Drinte en Fryslân. "We moatte mei-inoar mear ambysje toane en hjir mear jild hinne helje", fynt Zijlstra.

Kritysk oer Oerol-subsydzje

Deputearre Sietske Poepjes hat in mear nuansearre reaksje. De deputearre is bliid mei Tryater, mar tige kritysk oer it advys om in pear ton op it budzjet fan Oerol te koartsjen. "Yn de lobby rjochting Twadde Keamer sille wy ús seker sterk meitsje foar de subsydzjes foar Oerol en it Fries Museum. Dy 'Ja, mits' moat fansels in gewoan 'Ja' wurde", seit se.

De deputearre is fierder ek posityf oer de seis ton subsydzje dy't de Raad voor Cultuur jaan wol oan ûntwikkelprojekt Grand Futura yn de stêd Grins. Grand Futura is in inisjatyf fan it gearwurkingsferbân 'We the North' fan Fryslân, Grinslân en Drinte en sil neffens Poepjes ek it toanieltalint út Fryslân ta goede komme. "It is hiel goed dat we no talint yn de regio hâlde kinne en dat se net allegearre fuortlûke nei Amsterdam."

Negative advizen

Twa ûntwikkel-oanfragen út Fryslân wiene minder gelokkich. In oanfraach fan de Ljouwerter Popfabryk krige in negatyf advys. Itselde jildt foar it projekt D:DNA fan Oeds Westerhof en Sjoerd Wagenaar.

Deputearre Sietske Poepjes joech in reaksje yn Weistra op wei

(Advertinsje)
(Advertinsje)