PODCAST: 'Jan Unhuer'

05 jun 2020 - 17:01

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze lêste Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'Jan Unhuer'.

Oflevering 20: Jan Unhuer

Djip yn de Wâlden wenne duvelbanner en wûnderdokter Pier Potsje. Op in dei komt der in boer by him mei in siik hynder. Neffens Pier Potsje is it hynder net siik, mar behekst. It hynder bliuwt by Pier Potsje want it moat om 12 oere nachts behannele wurde.

Safier komt it net, want dyselde nacht brekke twa skurken yn by Pier Potsje. Se fermoardzje him en nimme al syn sulverstikken mei. As se it hynder sjogge, beslute se dat ek mei te nimmen en se stekke it pleatske fan Potsje yn 'e brân. Oan it hynder ha se net folle, want it falt dea del. Hoe kin it dan dat datselde hynder in dei letter troch Jan Unhuer brûkt wurdt foar de karre?

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify.

Sjoch foar mear ynformaasje en alle oare ôfleveringen fan Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)