Ried fan Steat: grien ljocht foar filla's Aldeberkeap

De Ried fan Steat hat freed mei in spoedútspraak de wei frijmakke foar de bou fan twa filla's en in wengebou mei seis apparteminten yn Aldeberkeap. De wenningbou komt op it plak dêr't earder it jeugdhonk stien hat. In stichting út it doarp hie dêr protest tsjin oantekene.
It plak dêr't de filla's komme moatte © Google Street View
De stichting seit dat de gemeente Eaststellingwerf earder tasein hat dat der op dat plak senioarewenten komme soene. Neffens de stifting is dêr folle mear ferlet fan as fan in pear djoere filla's. De gemeente fynt de filla's en it appartemintekompleks better op it plak passen as allinne senioarewenten.
De Ried fan Steat seit dat neffens it bestimmingsplan ferskate typen hûzen op dat plak komme kinne. Letter dit jier is der noch in boaiemsaak. De gemeente hat yntusken al in omjouwingsfergunning jûn foar de earste filla.