Sportferiening Kollumersweach kin gjin trainer fine en hâldt op

Sportferiening SVK fan Kollumersweach hâldt op te bestean. Belangrykste reden is dat de sportferiening net in trainer fine koe foar de turn- en gymnastykklup.
© SVK / Omrop Fryslân
Ek is de klup it ôfrûne jier sa'n twatredde part fan de leden kwytrekke. It giet dan om sa'n 45 minsken. Dêrtroch is it finansjeel ek net mear helber om de feriening troch te setten, seit it bestjoer.
De feriening hat in rike skiednis op it mêd fan turnjen, gymnastyk, akrogym, aerobics en badminton.