Lintsjes fan Keningsdei wurde dochs noch offisjeel útrikt

05 jun 2020 - 15:48

De keninklike ûnderskiedingen dy't mei Keningsdei net útrikt binne fanwegen it coronafirus, wurde dochs noch offisjeel oerlange. Freed 3 july krije de minsken har lintsje; yn Fryslân giet it om 84 minsken.

Foto: Omrop Fryslân

De minsken oan wa't dy keninklike ûnderskieding jûn wurdt, krije it lintsje net opspjelde. Dat mei noch net, fanwegen de coronamaatregels. Boargemasters kinne de ûnderskiedingen yn in etwy oerlangje oan de minsken dy't dy takend krigen ha.

Begjin july krije yn totaal goed trijetûzen minsken yn ús lân in lintsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)