Besikers gemeentehûs Smellingerlân ferwolkomme troch keunstwurk Joop Sipma

Yn de sintrale hal fan de gemeente Smellingerlân hinget tenei in keunstwurk fan de Drachtster keunstner Joop Sipma. Sipma koe om syn sûnens sels net by de ûntbleating wêze.
It keunstwurk fan Joop Sipma mei de flagge fan Smellingerlân © Gemeente Smellingerlân
Ein jierren 90, doe't Sipma in jier as fyftich wie, begûn er mei it byldhouwen fan stien. Hy makket froulike foarmen fan moarmer, kalkstien en hurdstien. "Ik heb bewondering voor de vrouw die zichzelf wil blijven ondanks dat de westerse maatschappij een onrealistisch schoonheidsideaal voorschrijft", seit er dêroer.
"Mijn beelden zijn dan ook een uiting hiervan voor deze vrouwen. Inspiratie haal ik uit m'n omgeving en mijn vrouw is mijn muze. In mijn werkproces transformeer ik het ogenschijnlijk harde ongenaakbare natuursteen, naar de natuurlijke vrouwelijke vormen in al haar diversiteiten."

In plak foar elkenien

Wethâlder Marjan Sijperda ûntbleate it keunstwurk. Se is wiis mei it keunstwurk op it plak yn 'e hal. "Onze centrale hal is een hal voor iedereen, je kunt hier samenkomen en tegelijkertijd het gevoel hebben dat je thuis bent. Daar hoort een spraakmakend kunstwerk bij."