Underhâldswurk oan N31: dyk tusken Ljouwert en Drachten jûn ticht

05 jun 2020 - 14:38

De Wâldwei (N31) tusken Ljouwert en Drachten is fan freedtejûn ôf ticht foar ûnderhâld. Fan 20.00 oere jûns oant 08.00 oere sneontemoarn kin der gjin ferkear oer de dyk en binne meardere ôfritten ôfsletten.

De N31 is foar in part ticht - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Wâldwei is oer in trajekt fan goed tweintich kilometer ôfsletten. It giet om de haadrydbaan tusken de ôfrit Leeuwarden-Oost en it knooppunt Drachten. De ôfsluting jildt yn beide rjochtingen.

Wurksumheden

De provinsje lit jierlikse ûnderhâldswurksumheden útfiere op en rûnom de dyk. Ferkear dat de dyk brûke moat, kin bygelyks omride fia de A32 oer It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)