Swimbad De Delte op De Gordyk bliuwt de hiele simmer ticht

05 jun 2020 - 14:09

Swimbad De Delte op De Gordyk bliuwt de hiele simmer ticht, dat hat it bestjoer bekend makke. Dat hat alles te krijen mei it coronafirus. Neffens Stichting De Delte komme de finansjele posysje en de takomst fan it swimbad bot yn 'e knipe om't de risiko's yn de eksploitaasje net opfongen wurde kinne. "Wij zijn tot de conclusie gekomen dat het risico onverantwoord groot is," skriuwt de stichting. Dêrom bliuwt De Delte it hiele seizoen ticht.

Swimbad De Delte

De stichting hat wol syn bêst dien om noch útein te setten mei in oanpast swimseizoen. "Er is gestoeid met protocollen en andere regels. We waren tot de conclusie gekomen dat we het in praktische zin konden invullen. De regels hebben echter ook grote gevolgen voor de capaciteit in en om het water en daarmee voor de exploitatie. We hebben daarom aangeklopt bij de gemeente en er waren initiatieven met betrekking tot sponsoring," lit it bestjoer witte.

It kin lykwols net, jout de stichting oan. "We nemen dit besluit met pijn in het hart. Wij hadden graag deze zomer dicht bij huis wat vertier willen bieden."

Swimbad De Delte op De Gordyk - Foto: Zwembad De Delte
(Advertinsje)
(Advertinsje)