Freedsmerk oer boargemaster Halsema: "Dit doe je nooit goed"

05 jun 2020 - 13:12

"Ze heeft door niet op treden, voor een levensgevaarlijke situatie gezorgd!", dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk. De Amsterdamske boargemaster Femke Halsema leit de hiele wike al ûnder fjoer fanwege it net yngripen by de grutte demonstraasje op de Dam.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op de merk rinne de reaksjes bot útinoar. De ien fynt dat sy mooglik in ramp foarkaam hat, wylst oaren tinke dat se der mooglik krekt ien feroarsake hat. "Het was een beetje dom", wie in mylde reaksje. "Ze schoffeert hiermee ondernemers en zorgmedewerkers", wie al wat steviger. Mar de opmerking "Ze moet worden opgeruimd", sloech eins alles.

Begryp krige sy lykwols ek: "Ze heeft een beslissing genomen met haar haar hart, Dat heeft een explosieve situatie voorkomen". Mar ek: "Ik zou niet graag in haar schoenen willen staan, dit doe je nooit goed..."

De Ljouwerter freedsmerk oer Femke Halsema

(advertinsje)
(advertinsje)