Bewenners Foswert yn Ferwert lilk op direksje oer coronamaatregels

De hiele kliïnteried fan wensoarchsintrum Foswert yn Ferwert is opstapt. Se wiene lilk oer de strange regels dy't der yn de soarchynstelling jilde en om't se dêr gjin ynspraak oer hân hawwe. Wetlik mei dat net sa, seit de kliïnteried, dêrom stappe se op. Der falt neffens har net te praten mei de direksje oer ferromming fan de maatregels. Famyljeleden fan bewenners hawwe in brief skreaun oer harren beswieren.
Bewenners Foswert yn Ferwert lilk op direksje oer coronamaatregels
Direkte oanlieding is dat de direkteur-bestjoerder fan Foswert net mei in fertsjintwurdiging fan kliïnten yn petear wol oer de besikersregeling fan wensoarchsintrum Foswert.
Hast 60 famyljeleden fan bewenners hawwe harren beswieren tsjin it bestjoer en it tafersjoch dêrop fan Interzorg Groep utere yn in brief. Berber Bijma is ien fan de minsken dy't de brief tekene hat. Har heit is ien fan de bewenners fan Foswert. Bijma: "De besiteregeling is dizze wike lang om let wat rommer wurden. Sûnt woansdei mei der ien fêst famyljelid by in bewenner op besite komme. It mocht al sûnt 25 maaie, dus in soad soarchynstellingen wiene dêr al folle earder mei. Yn Foswert is it folle stranger as de lanlike rjochtlinen en dat is net goed beärgumintearre. Wêrom meie minsken bygelyks net nei bûten rinne?"

Lanlike rjochtline

As sy der nei freget, krijt sy nul op it rekest. "Der wurdt dan sein: wy kinne it net goed kontrolearje, de soarch hat der net in goed gefoel by. Mar wy hawwe it oer Ferwert mei 1.700 ynwenners. Der is in ferskuorrend lyts bytsje corona, de lanlike rjochtline is no om minsken wer bûten rinne te litten. En ek wer besite op de eigen keamer en kontaktberoppen talitte. En dan tink ik yn in regio mei mar sa'n lyts bytsje corona as de regio fan Ferwert, moatte je dat út minsklik eachpunt wer talitte. Net stranger wêze wolle as de lanlike rjochtlinen," fynt sy.
Wensoarchsintrum Foswert © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Neffens Bijma binne de bewenners der net bliid mei. "Koartsein hawwe de minsken skjin harren noch. Ik haw net sicht op eltsenien, want ik mei allinne efkes mei ús heit prate. Us heit mei tige graach efkes in blokje om it hûs rinne, mar hy mei der net út. Noch hieltyd net. Dêr hat er lang begryp foar hân, mar no't oeral de maatregels ferromme wurde, net mear. No't lanlik de rjochtline is om minsken wer wat mear romte te jaan, krije minsken harren nocht der fan. De fêste besite mei ek mar in healoere op besite komme yn Foswert. Wy hearre fan oare minsken ek dat bewenners efterút geane en minsken ferkomme, no't it sa lang duorret."
Berber Bijma mei de brânbrief © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Bijma jout oan dat sy koartlyn noch mei de direkteur om tafel sitten hat om der oer te praten. "De direksje moat foar himsels sprekke, mar ik haw ferline wike mei de direkteur praat."

Benaud foar claims

"Wat ik begrepen haw is dat hy fan kollega-bestjoerders heard hat dat der oanspraaklikensclaims yntsjinne wurde kinne as der dochs corona yn it fersoargingshûs komt. Dat begryp ik as je de bewenners net goed beskerme hawwe, mar as je gewoan de lanlike rjochtline folgje, dan hoege je dy net te ferwachtsjen. Dus ik begryp net wêrom't de regels sa strang binne."
Ien fan de ûndertekeners fan de brief is Berber Bijma