Al trije wiken gjin nije coronabesmettingen yn Fryske ferpleech- en fersoargingshuzen

05 jun 2020 - 17:21

GGD Fryslân hat dizze wike oant no ta goed 672 minsken test op besmetting mei it coronafirus. Ut de helte fan dy tests waarden fjouwer minsken posityf oanmurken; oer de oare helte is noch gjin útslutsel. Dat docht bliken út de wyklikse sifers fan de GGD. En foar de tredde wike op rige binne der gjin nije besmettingen fêststeld yn de Fryske ferpleech- en fersoargingshuzen.

Margreet de Graaf van GGD Fryslân over de nieuwste cijfers:

Dizze hiele wike wie der yn Fryslân ien stjergefal, gjin nije sikehûsopnamen en gjin positive tests yn soarchynstellingen. It totale oantal minsken dat ferstoarn is oan it coronafirus, komt dêrmei op 68 yn ús provinsje.

"Ien of twa persint besmet"

Neffens direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is it goed nijs dat it tal positive tests sa leech is. "Fan de minsken dy't wy teste, is mar ien of twa persint besmet mei it coronafirus", neffens De Graaf. "Dat persintaazje is hiel leech."

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Njonken de testlokaasje yn Ljouwert is dizze wike ek dy yn Drachten brûkt. Ek yn Snits is noch in ekstra lokaasje ynrjochte, mar neffens De Graaf is net dúdlik oft dêr dizze wike ek al minsken test binne.

Genôch kapasiteit

De útwreiding fan de testkapasiteit wie nedich om't elkenien mei klachten no terjochte kin foar in test. "Wy kinne eltse dei goed 1.100 minsken oan", neffens Margreet de Graaf. "Dêrnjonken teste ek húsdokters, bygelyks op de Waadeilannen."

Der binne ek al in pear wiken gjin besmettingen oantroffen yn ferpleech- of fersoargingshuzen. Oft it belied dêr no ek ferromme wurde kin, dêr lit direkteur De Graaf har net oer út. "It is in smel paadsje; wy freegje in soad fan de minsken. Mar it moat noch efkes sa fierder, foaral foar dy kwetsbere minsken."

Direkteur Margreet de Graaf fan de GGD

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)