Buertgenoaten fine inoar op Vraagelkaar

05 jun 2020 - 12:05

It nije platfoarm Vraagelkaar is der om buertgenoaten mei-inoar te ferbinen. Dat kin wêze om te kuierjen, te fytsen of efkes te beljen. It is in lanlike beweging dy't yn Fryslân begûn is. Dizze wike wiene fanwege corona de earste online thúskafees yn Drachten en Easterwâlde.

Vraagelkaar hat it earste online thúskafee yn Drachten holden. Der dienen 25 minsken mei. Se koene inoar om ried of selskip freegje, of gewoan wat chatte. Dêrneist wiene der coaches en koenen se online workshops folgje. Sa die Nurilla Maletzky mei oan stoelyoga. "Het was eerst wel even zoeken bij het inloggen, maar het is toch gelukt om stoel-yoga te doen. Ik vind Vraagelkaar wel een aanrader", seit sy.

Foar alle leeftiden

De beweging hat al mear as 12.000 leden yn it hiele lân en sa'n 3000 yn Fryslân. Eltsenien kin der oan meidwaan en it is foar alle leeftiden, seit inisjatyfnimmer Janet Turkstra: "We hebben bijvoorbeeld jonge moeders verbonden om nieuwe contacten op te doen, omdat ze net verhuisd zijn naar een nieuwe buurt. Maar we hebben ook twee negentigjarigen met elkaar in contact gebracht. Die zeggen: we passen als een ritssluiting in elkaar."

Der binne der tal fan foarbylden fan matches op basis fan it profyl, dat je oanmeitsje kinne op vraagelkaar.nl. De organisaasje is yn Súdeast-Fryslân noch op syk nei minsken mei in bûtenromte, geskikt foar workshops op oardel meter ôfstân.

Foto: Omrop Fryslân

It nije platfoarm Vraagelkaar

(advertinsje)
(advertinsje)