10 persint minder gasten yn Fryske akkommodaasjes yn earste fearnsjier

05 jun 2020 - 10:44

It tal gasten dat yn it earste fearnsjier fan 2020 gebrûk makke hat fan Fryske akkommodaasjes om te oernachtsjen, is mei krekt wat mear as 10 persint omleech gien. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Lanlik is it yn trochsneed mei 17 persint omleech gien. It giet benammen om bûtenlânske gasten dy't net komme.

Hylpen by nacht - Foto: Shutterstock.com (Fotografiecor.nl)

Benammen yn de moanne maart gie it min mei it tal oernachtingen, dat hat fansels alles te krijen mei it coronafirus. Nei de campings kamen noch al wat mear minsken as nei de hotels. Yn ferliking mei oare provinsjes foel it yn Fryslân noch ta, want yn Flevolân en Noard-Hollân kamen der wol mear as 20 persint minder gasten.

Trefwurden: 
CBS oernachting akkommodaasje
(advertinsje)
(advertinsje)