Ljouwerter (42) oanholden: fertocht fan fraude, oplichting en wytwaskjen

05 jun 2020 - 10:16

De FIOD (Fiscale Inlichtingen- en Opsporingsdienst) hat tongersdei in 42-jierrige man út Ljouwert oanholden, tegearre mei in man fan 51 út Amsterdam. De manlju binne oppakt ûnder fertinking fan fallisemintsfraude, oplichting en wytwaskjen.

Fraude - Foto: Shutterstock.com (Bacho)

In wente yn Ljouwert is trochsocht, lykas in bedriuwspân yn Amsterdam. Der is beslach lein op administraasje, in auto, sieraden, klean en tassen.

De fertochten hawwe ferskate bedriuwen op harren namme en op de bankrekkens fan de bedriuwen en fertochten binne grutte bedraggen hinne en wer gien. De opspoaringstsjinst krige in anonime tip. Der is ek in 32-jierrige frou fan Amsterdam as fertochte fan wytwaskjen, mar sy is net oanholden.

(advertinsje)
(advertinsje)