Pieter Weening (39) giet troch en rydt takom seizoen foar Trek-Segafredo

05 jun 2020 - 10:15

Pieter Weening giet kommend seizoen gewoan troch mei hurdfytsen. Hy hat in kontrakt tekene foar de rest fan dit jier by Trek-Segafredo. By dy ploech ride ûnder oaren Vincenzo Nibali, Richie Porte en Bauke Mollema. De geroften oer Weening giene al langer.

Foto: Trek-Segafredo

Yn it parseberjocht fan syn nije ploech seit Weening tankber te wêzen foar de kâns dy't Trek-Segafredo him jout. "Yn in tiid wêryn't in soad ploegen it dreech hawwe, is it hiel spesjaal dat Trek-Segafredo in nije rider hellet. It is in moaie kâns foar my om sjen te litten wat ik noch kin", sa seit de 39-jierrige Weening.

Roompot

Hy siet oant en mei it foarige seizoen by Roompot, mar dêr luts de sponsor de stekker út de ploech. Dêrtroch moast Weening op syk nei wat nijs.

(advertinsje)
(advertinsje)