APK foar de tsjerken fan Burchwert en Hichtum: mar net alles kin tagelyk

05 jun 2020 - 08:40

De tsjerken fan Burchwert en Hichtum krije op dit stuit wer efkes in APK. Al sûnt april binne der minsken dwaande mei skilderje, foegje, houtwurk ferfange en wat al net mear. De protestantske gemeente betellet sels de helte en is bliid dat de oare helte troch subsydzje op it kleed komme kin.

De Johannestsjerke fan Burchwert is boud yn de 13e iuw. Om 1725 hinne is de tsjerke ferboud en yn de jierren 70 fan de 20ste iuw is it Godshûs al ris opknapt. Mar de tsjerke hat wer ûnderhâld nedich om wer efkes foarút yn de tiid te kommen. "It giet om in plan om de tsjerke yn stân te hâlden, dus eins net iens restaurearje. It moat sober en funskjoneel yn stân hâlden wurde. Dat dogge wy tegearre mei de stichting Beheer Kerkelijke Gebouwen yn Ljouwert, dy hawwe de planning dien. It is in plan foar de kommende fiif jier. It measte ûnderhâld is dit jier dien. Yn Burchwert hat in soad wurk west oan de bûtenkant. It foechwurk, de daksgoaten en it opknappen fan de steunbearen," leit ien fan de manlju út dy't dwaande is mei it opknapwurk.

Kar meitsje

It hat finansjeel wol gefolgen, want it opknappen is net om 'e nocht. "Wy hawwe ek de tsjerke yn Hichtum, dus it telt dûbel op. Aldergeloks krije wy wol subsydzje fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed. Oant no ta hawwe wy finansjeel noch gjin soargen. Mar lykas op in soad oare plakken mei protestantske tsjerken wurdt it wol minder, wy buorkje wol efterút. Mar wy kinne it noch wol in pear kear fiif jier úthâlde. Wy hawwe wol in kar makke tusken wat no echt moat en wat útsteld wurde kin fan 2025 ôf, bygelyks ferve-wurk."

It wurk hat noch hiel wat fuotten yn de ierde, want bûten moatte bygelyks de grêfstiennen goed beskerme wurde. "Wat it waar oanbelanget koe it net better, want de ferve drûget sa hurd. Sy kinne moai rap trochgean, dat skeelt in soad tiid," seit ien fan de manlju.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn Burchwert

Yn Hichtum is noch goed te sjen dat der wurke wurdt. Der leit stof op de grûn en de preekstoel is mei plestik ynpakt. "It measte wurk is no dien. Benammen by de ruten in soad, de kezinen binne ferrotte, dus dy hawwe wy neisjoen en skildere. Dat hat mear koste as dat de planning wie, mar wy hawwe sein: litte wy dit mar goed ôfmeitsje."

De tsjerke fan Hichtum leit op in terpke en is yn de 13e iuw boud. Ein 19e iuw is de tsjerke al ris oanpakt. "Doe is ek it ynterieur feroare, de âlde banken binne der út helle en de preekstoel is fan it midden út nei it koar ferhûze. Der binne simpele banken yn kaam."

Besunigje

"Fiif jier werom is de tsjerke noch goed neisjoen, mar doe benammen op de konstruksjes. De toer hat nije balken krigen, dat hat in soad jild koste. Wy moasten doe ek kieze, no is besletten de rest te dwaan. Ik tink dat de ruten al wol 20 jier net neisjoen binne, as it net langer is." De toer sels is net tagonklik foar minsken. "Dy is net echt arbo-feilich, dêr is ek op besunige. It hie hast wol moatten. Mar de toer is noch fan de lytse tsjerklike gemeente. Mar minsken hoege net perfoarst yn de toer. Allinne de kloklieder, mar dy is fersekere," laitsje de manlju.

In soad minsken komme der net mear yn it gebou. "As wy 25 yn tsjerke hawwe, binne wy hartstikke bliid. Wy dogge twa kear yn Burchwert, ien kear yn Hichtum. En somtiden noch wolris in frije snein, want net eltsenien komt út dizze twa doarpen wei."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn Hichtum

(advertinsje)
(advertinsje)