Kollum: "Harsenskraberij"

05 jun 2020 - 08:17

"Ynienen wie it dizze wike allegearre konsternaasje oer Femke en in demonstraasje op de Dam, wylst ik eins gjin idee hie wêr't it oer gie. Ik siet nammentlik op kop en earen yn de reorganisaasje fan myn wurkkeamer en op sa'n momint haw ik mar ien doel foar eagen. Ik ha dus amper it nijs folge mar Facebook stie fol mei ferhalen en mieningen dus haw ik my dochs noch mar efkes opskerpe.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Ik bin net in fan fan Femke want ik fyn har net om oan te hearren. Ik kin har fierder net mar as sy begjint te praten dan bin ik fuort. Sa't jimme grif al witte, kin immen my freeslik op de senuwen wurkje troch in ûndúdlike wize fan praten.

It liket wol oft minsken út de polityk, nijslêzers, sjongers, akteurs en guon presintators it hieltyd aardiger fine om der wat healbakken yn om te eameljen, te slissen, te brijkjen en de kaken net mear fan inoar ôf te dwaan as sy wat sizze. Mar ik haw gjin boadskip oan it boadskip dat immen op sa'n wize ferkundigje wol. Ik tink echt dat hjir in taak leit foar logopedisten want it wurdt hieltyd slimmer, haw ik it idee.

Mar goed, ik haw wol besocht wat te finen fan dizze demonstraasje en de wize wêrop't Femke dit oanpakt hat as boargemaster. Neffens my is it begûn mei de moard op George Floyd en nei it sjen fan de filmkes wêryn't de plysje him smoart troch de knibbel net fan syn nekke ôf te heljen, wie ik der beroerd fan. Want wylst George yn ûnmacht leit en in pear kear oanjout dat er gjin lucht mear krije kin en omstanners ek roppe dat it net goed giet, hâldt de plysje de knibbel gewoan op it plak.

Mei it each op hoe't George Floyd ferstoarn is, fyn ik it moai foar him en syn famylje dat in soad minsken hjir noed oer hawwe. Mar dat Femke net ferwachte hie dat der safolle op de Dam komme soene, kin ik bêst wol begripe en as oaren fine dat se it net goed oanpakt hat, snap ik dat ek. Want wylst eltsenien besocht de strange coronaregels nei te libjen, stie de Dam fol mei tûzenen minsken.

Der binne ek lju dy't al dy demonstraasjes oerdreaun fine en sels dêr kin ik yn meigean. Mar op de Dam wiene gjin eskalaasjes en miskien hawwe wy dat no krekt wol oan Femke en de plysje te tankjen. Want nei it sjen fan sa'n filmke, is eltse plysjeman al gau in mislike hûn en sadwaande hie dat der mei it yngripen troch de plysje of ME wolris freeslik útnaaie kinnen.

Ik fyn fan dit ferhaal dus fan alles wat mar it slimste fyn ik dat der yn in pear minuten in man ferstoarn is, om neat. Foar my komt alle konsternaasje dus út by wat sy him oandien hawwe en sok sinleas geweld is net de earste kear.

De wize wêrop't George Floyd oan syn ein kommen is hat de hiele wrâld wer wat nijs jûn om him drok oer te meitsjen. Mar no't in soad lju wer heech en leech steane te springen om har eigen ego in poadium te jaan of de dyk út gean om te plonderjen oer de rêch fan dy earme George, fyn ik hiel teloarstellend.

Femke moat har der mar mei rêde. Amsterdam is net yn 'e brân flein, de terrassen binne wer iepen en as der gjin besmettingen fan komme, dan binne we yn dat proses ek wer in stapke fierder. Ik soe dus mar genietsje fan it libben want mei dizze harsenskraberij sjit nimmen wat op."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)