Sportvisserij Fryslân giet mei in nije kontrôleboat de provinsje troch

05 jun 2020 - 07:25

Sa'n 36.000 sportfiskers yn Fryslân binne oansletten by ien fan de lokale angelsportferieningen yn ús provinsje. Dêrneist komme der nochris tûzenen sportfiskers fan bûten nei ús provinsje ta. Fanwegen alle regels dêr't de sportfiskerij oan bûn is, is goed tafersjoch wichtich. Om dat wurk goed dwaan te kinnen, krije de boa's en frijwillige kontroleurs fan Sportvisserij Fryslân de fan freed ôf beskikking oer in rappe kontrôleboat.

Foto: Sportvisserij Fryslân

Obe Veldman jout as foarsitter fan Sportvisserij Fryslân oan wêrom't de boat wichtich is: "Het belangrijkste is dat we ook vanaf het water kunnen vissen. Sportvissers willen dat niet alleen vanaf de kant. Met de beschikking over deze boot kunnen we vanuit Grou alle kanten op om alle vissers te benaderen. Controle is belangrijk, de sportvissers in Fryslân moeten zich wel aan de regels houden."

Boa's en kontroleurs

Dêr binne spesjaal minsken foar yn tsjinst. "Wij hebben zelf twee boa's in dienst, maar er zijn ook vrijwillige boa's. In totaal zijn er vijf, plus een aantal vrijwillige controleurs die ook mee het water op kunnen gaan. Sportvissers moeten wel een vispas hebben, beschikken over de papieren. En ook op de plekken waar ze mogen vissen en met de aassoorten die zijn toegestaan. Bepaalde vissoorten mogen mee worden genomen anderen niet."

De kosten fan de boat wurde ek foar in grut part betelle troch de fiskpas. "Sportvisserij Fryslân is gelukkig een grote vereniging, we hebben zo'n 36.000 leden die meebetalen aan de vispas. Uit die gelden kunnen we dit mogelijk maken," seit Veldman.

Obe Veldman, foarsitter fan Sportvisserij Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)