Ryk stipet wetterynstitút Wetsus yn kontinuïteit no't subsydzje fuortfalt

05 jun 2020 - 07:04

It wetterynstitút Wetsus krijt yn 2021 en 2022 ekstra jild fan de oerheid om in driigjend miljoenetekoart op te fangen. Wetsus krijt op dit stuit in lytse fiif miljoen it jier út de middels foar de Suderseeline dy't net oanlein is. Mar dy subsydzje rint begjin 2021 ôf. Dat betsjut dat der der in flink gat falt yn it totale budzjet fan hast 14 miljoen. Mar der is goed nijs: it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat is fan doel om it tekoart foar de kommende jierren oan te foljen.

Foto: Shutterstock.com (Anton Havelaar)

Direkteur fan Wetsus Johannes Boonstra leit út hoe't it no krekt sit mei dat jild: "De subsydzje dy't wy no krije komt mar hiel yndirekt by it Ryk wei, want it binne middels út it Suderseeline-pakket dy't de provinsje sels besteget. Dus wy krije dat fia Fryslân. Om't Wetsus gjin universiteit mar ek gjin bedriuw is, falle wy bûten in soad reguliere potsjes. In kommisje dy't troch de steatssekretaris ynsteld is hat ûndersocht wat no de wearde is fan Wetsus oan it Nederlânske wittenskiplike bestel. Dy wiene posityf en hawwe sein: no't dit finansierjen ophâldt, moatte wy der wol foar soargje dat Wetsus bestean bliuwt en dan moat it Ryk dêr ek ferantwurdlikens yn nimme."

Effisjinsje

Eins is it sa dat Wetsus al foar in grut part ûnôfhinklik wurket, seit Boonstra. "De helte fan ús jild komt út bedriuwen en universiteiten, de oare helte út oerheidsmiddels. Wy draaie wol as in universiteit en in normale universiteit krijt al 90-95 persint fan it jild fan de oerheid. Dus sa sjoen binne wy al aardich effisjint." Dochs is de stipe wol wichtich. "Us bestean hinget der wol fan ôf, want oars krije wy it jild fan bedriuwen en universiteiten ek net. Dus it is krúsjaal."

Boonstra is ek wiis mei de regionale en lokale stipe. "Wy binne wiis mei hoe't de provinsje en de gemeente ús stypje, want fan de regio is der ek sa'n lytse twa miljoen tasein foar de kommende tsien jier. Wy hawwe ek oparbeide mei Sander de Rouwe en Friso Douwstra. Uteinlik hoopje wy dat wy foar in folweardich ynstitút fan KNAW of NWO yn oanmerking komme en dan in basisfinansiering fan it Ryk krije."

Ideale omfang

It is net sa dat de wurkwize fan Wetsus mei dit jild feroarje sil. Boonstra: "De aktiviteiten bliuwe gewoan sa trochgean, wy sitte no op in ideale omfang foar in ynstitút sa't wy dat binne. Wy binne hjir al jierren mei dwaande, want wy witte al lang dat dizze subsydzje ophâldt. Dizze twa jier binne in opmaat nei in perioade oant 2032. Foar de lange termyn binne der ek al moaie mooglikheden opskreaun. Der binne noch wol tûkelteammen dy't noch oplost wurde moatte, mar dêr wolle wy de kommende jierren mei oan de gong. Sa moatte wy de kontinuïteit regelje."

Direkteur fan Wetsus Johannes Boonstra

(advertinsje)
(advertinsje)