Demonstraasje yn Ljouwert foar opfang flechtlingebern: #keer het tij

05 jun 2020 - 06:39

Hieltyd mear minsken slute harren oan by de demonstraasjes foar in lanlike opfang fan 500 flechtlingebern. Ferline wike wie de earste Fryske demonstraasje yn Harns, tongersdeitejûn wie der ek ien yn it sintrum fan Ljouwert. Sa'n 30 minsken holden elts in letter omheech, mei-inoar stie der: #500 kinderen #wees welkom #keer het tij #in mijn gemeente is plaats voor de kinderen uit Moria.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Oer it hiele lân dogge yntusken sa'n 103 gemeenten en 3 provinsjes mei oan de saneamde Coalition of the Willing. De gemeenteried fan Ljouwert hat yn maart in moasje oannaam wêrby't it him ferbûn oan dizze koälysje. It doel is in groep fan 500 flechtlingebern út Grikelân nei Nederlân te heljen dy't no noch yn kampen libje ûnder swiere omstannichheden.

It sintrum fan Ljouwert wie it dekôr fan de demonstraasje. Inisjatyfnimmer Femke Molenaar wie tige wiis mei de opkomst en ferklearre krekt sa lang troch te gean oant it regear de bern ophellet.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de demonstraasje

(advertinsje)
(advertinsje)