Reade skriezen fleane gefaarlik Russysk gebiet yn: Sibearyske oaljeramp

Fan de Waadsee ôf fleane reade skriezen op it stuit ien fan de grutste miljeurampen fan it Noardpoalgebiet yn 'e mjitte. Yn Sibearje is in oaljetank lek slein wêrtroch't 20 ton diseloalje yn in rivier bedarre is.
Reade skries © Jan van der Kam
As de daam dy't der no yn de rivier lein is it net hâldt, bedarret it guod yn de Noardlike IIssee. Ien fan dy reade skriezen hat in stjoerder mei en wurdt folge troch de ûndersyksgroep fan trekfûgel-ekolooch Theunis Piersma fan Gaast. De troch syn wurkgroep op it kontinint Afrika fûgel Ancamona mei stjoerderke is no op sa'n 130 kilometer ôfstân fan it rampgebiet. Dat liket fier fuort, mar dat is it net foar in trekfûgel as de reade skries. En der binne noch mear ûnderweis, seit Piersma.

Wittenskiplike ekspedysje

Yn it gebiet briede ek swartbûkrotguozzen (rotganzen) dy't koartlyn fan it Waad ôf dy kant útgien binne om te brieden. Oft de miljeuramp ek gefolgen hat foar de reade skriezen of guozzen is no noch net te sizzen, mar Piersma makket him wol soargen.
In wittenskiplike ekspedysje nei it gebiet fan in kollega by it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) is krekt skrast om't der no net reizge wurde mei yn Ruslân. De fûgels mei stjoerderkes binne foar Piersma dan no ek syn eagen en earen yn it gebiet.
Trekfûgel-ekolooch Theunis Piersma fan Gaast