Histoarje strânroof West-Flylân boppe wetter: "De kostbaarheden werden in Amsterdam verkocht"

Flylân krijt in nij boek oer de histoarje fan it eilân. It boek, 'Strandroof. Een tragisch godsgeschenk voor West-Vlieland', is skreaun troch Flylanner Jan Houter (ek wol bekend as Jan van Vlieland) en dosint nije skiednis Anne Doedens. It boek sil spesifyk rjochte wêze op it doarp West-Flylân, dat yn 1736 yn see ferdwûn.
De Waadkust fan Flylân by it begjin fan de Vliehors © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Houter hat faker skreaun oer de skiednis fan Flylân. Sa wie er wiidweidich belutsen by de betinking fan it rampjier 1666. "Als jochie fan tien was ik al gek van geschiedenis. Ik was de eerste die zakte op de ULO van Vlieland, maar ik had wel een 10 op geschiedenis", laket Houter.
Nei in soad speurwurk yn it Nationaal Archief yn Den Haag ha Houter en Doedens trije iuwen histoarje oer it ferdronken doarp boppe wetter helle. Mar ek yn Frankryk kamen se bysûnder materiaal tsjin. Dêr fûnen se in akte út 1245, wêryn't de Nicolaaskapel op West-Flylân troch de doetiidske Paus Innocentius ta beskerming kado dien waard oan de kleasterlingen fan Ludinga yn Starum.

Skip mei goud en diamanten

Yn Den Haag fûnen de auteurs ek it komplete proses oangeande in yn desimber 1703 strâne skip op it strân fan West-Flylân. De doarpelingen namen de lading mei en fûnen goud, sulver en diamanten, wêrûnder it oarderteken fan de 'Orde van het Gulden Vlies' dat hearde by de Eastenrykse fjildmaarskalk Prins George von Hessen-Darmstadt. "Een prachtige grote ketting, waar alleen al 38 diamanten in zaten. Die was zo verdwenen, kan ik je zeggen."
"Ook de dominee en de schout zijn heel slecht geweest, maar het werden uiteindelijk drie vissersknechten die veroordeeld werden en naar Den Haag gebracht werden. De rest is er aardig aan ontkomen", fertelt Houter. De kostberheden waarden net weromfûn. "Die werden verkocht in Amsterdam."
It boek oer de skiednis fan West-Flylân komt op 20 juny út.
Jan Houter oer it boek