W Series mei Beitske Visser kin net trochgean troch coronafirus

04 jun 2020 - 21:53

De W Series giet dit jier net troch. De autosportklasse foar froulju, dêr't ûnder oaren Beitske Visser fan Twellingea oan meidocht, kin troch it coronafirus net organisearre wurde.

Beitske Visser - Foto: BMW Motorsport

It seizoen hie ôfrûne wykein fan start gean moatten yn Ruslân, mar is no dus hielendal ôfsein. "De beslissing om pas in 2021 weer races te organiseren, was niet makkelijk", seit W Series-direkteur Catherine Bond Muir. "Tegelijkertijd werken we al aan een nog betere racekalender voor volgend jaar."

Beitske Visser

Beitske Visser fan Twellingea soe dit seizoen wer meidwaan oan de W Series. Ferline jier waard sy twadde yn it kampioenskip.

Visser fynt it spitich dat it seizoen no ôfsein is. "Het is heel jammer, maar we zagen het wel aankomen", seit Visser tsjin NOS. "Ik had graag dit jaar verder willen bouwen en het nog beter willen doen dan afgelopen seizoen."

(advertinsje)
(advertinsje)