Sportbestjoerder Joop Alberda wol in ministearje foar Ryksfitalens

04 jun 2020 - 21:10

Der moat in ministearje foar Ryksfitalens komme, dat stelt sportbestjoerder Joop Alberda foar. Sa moat de befolking sûner wurde, en sille sykten sa as dy feroarsake troch it coronafirus yn de takomst minder slachtoffers meitsje.

Foto: Shutterstock.com

Troch de coronakrisis sporte bern hieltyd minder. Ferline jier wie 95 prosint fan alle bern tusken de fiif en tolve jier noch eltse wike oan it sporten, no is dat noch mar 35 prosint. In minne ûntwikkeling, seit Alberda. "Dat is fansels dramatysk. Mar it leit mear oan it oanbod. En je moatte thúsbliuwe, it ûnderwiis is op ôfstân. Dan is it ferliedlik om yn it komfort fan it hûs sitte te bliuwen."

Ministearje foar Ryksfitalens

Alberda pleitet no foar in ministearje foar Ryksfitalens om al it belied op sport byinoar te bringen. "Minsken moatte it fansels sels dwaan, mar de oerheid is in ynstitút dat fasilitearret." Sport is no noch ûnderbrocht by it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport. "Dat giet om 400 miljoen yn in omfang fan 80 miljard foar de soarch. Dus dat is sa'n 40 minuten de wike foar de minister dy't der ferantwurdlik foar is."

Troch mear omtinken te jaan oan sport, sil yn de takomst in sykte sa as COVID-19 minder hurd taslaan, seit Alberda. "Sport en bewege is in previntyf medisyn foar in hiel protte sykten." Ek it ymmúnsysteem wurdt sterker troch genôch beweging.

Alberda hopet dat in soad politike partijen it plan yn harren ferkiezingsprogramma sette sille.

Joop Alberda

(advertinsje)
(advertinsje)