TBS-klinyk Hoeve Boschoord by Boyl krijt tik op de fingers fan ynspeksje

04 jun 2020 - 20:34

TBS-klinyk Hoeve Boschoord by Boyl krijt in tik op de fingers fan de ynspeksje Justitie en Veiligheid. Neffens de ynspeksje hat de klinyk net krekt genôch west by it melden fan ynsidinten.

Hoeve Boschoord by Boyl - Foto: Google Street View

De ynstelling moat it melde as tbs'ers belutsen binne by bygelyks brânstichting, agresje tsjin personiel of as se besykje út te naaien. Boschoord die tritich meldingen, mar twa dêrfan wiene te let, seit de ynspeksje.

Personiel fan de ynstelling luts oan de bel oer de kwestje, wêrnei't de ynspeksje begûn mei in ûndersyk. Ut dat ûndersyk docht bliken dat it personiel noch altiten lêst hat fan wurkdruk en in tekoart oan kommunikaasje. De klinyk wurket oan ferbettering. De ynspeksje bliuwt dat folgjen.

(advertinsje)
(advertinsje)