Skûtsjeskippers wolle dizze simmer dochs noch sile: "Sûnt 1861 gjin jier oerslein"

In tal skippers út de SKS, sa as Gerhard Pietersma fan it Earnewâldster skûtsje en Sytze Brouwer fan de Gerben van Manen, hoopje dat de skûtsjes dizze simmer dochs it wetter noch op kinne. "Ik hoopje dat wy yn septimber noch wat sjen litte kinne, yn watfoar foarm dan ek", seit Brouwer. Pietersma leaut sels yn in komplete SKS kompetysje.
Besjoch hjirûnder it ynterview mei Gerhard Pietersma:
Gerhard Pietersma oer de SKS
It kampioenskip giet dit jier net troch fanwege it coronafirus. Mar Pietersma is striidber. "Sûnt 1861 hat der skûtsjesilen west en der is gjin jier oerslein. Dus ik tink dat dit jier ek wol trochgiet, want it skûtsjesilen hat alle sykten oerlibbe, dus dan sil it dizze ek wol oerlibje", seit Pietersma. "Yn de oarloch stienen de Dútsers yn de Princenhof nei it skûtsjesilen te sjen, doe wie der ek skûtsjesilen."
It coronafirus hoecht neffens Pietersma dan ek gjin spulbrekker te wêzen. "It is yn de bûtenloft. We binne sûne knapen mei syn allen. We litte ús teste, as we sûn binne dan kinne we oan board", seit Pietersma.

Freed in oerlis

It bestjoer en de SKS-skippers sille freed yn oerlis oer de mooglikheden, fertelt Brouwer. "Wy sille sjen wat wy dwaan kinne om it seizoen noch iennich cachet te jaan, sjoen it 75-jierrich jubileum. Ik hoopje noch wol dat wy sile kinne. Ik wie juster wer efkes by it skûtsje, dan docht it dochs wol sear dat it dit jier net trochgean kin."
Brouwer tinkt net dat der noch in hiel SKS-programma yn sit. "Mar je kinne miskien in pear wykeinen pakke, of in lang wykein mei meardere wedstriden. Ik wit net oft je dan om it sulveren skûtsje farre kinne, ik tink it net, mar wol dat je op in oare manier in moaie kompetysje delsette kinne."

'Je wolle altyd sile'

"It brânt, dat is ek sportereigen, je wolle altyd sile en it is hiel frustrearjend dat it net kin. Mar elkenien sit yn itselde schuitje, om it sa mar te sizzen," laket Brouwer. "Ik hoopje dat wy der noch wat fan meitsje kinne."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei Sytze Brouwer
Foarsitter René Nagelhout jout oan dat in kompleet kampioenskip der dit jier yn elk gefal net yn sit. Hy hopet dat der yn septimber noch wol om in jubileumbokaal syld wurde kin. Hoe't dat der presys útsjen sil, is noch net bekend.
Foarsitter René Nagelhout oer de plannen fan de SKS
In simmer sûnder skûtsjes is in stap te fier, en dêrom komt Omrop Fryslân yn july twa wiken lang mei It Skûtsjesjoernaal. It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Yn de earste útstjoering binne René Nagelhout, foarsitter fan de SKS, en njoggenfâldich kampioen Douwe Jzn. Visser te gast. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.