FIDEO: Tentoanstelling oer 75 jier SKS iepene yn it Frysk Skipfeartmuseum

04 jun 2020 - 19:20

Noch nea waard in kampioenskip fan de SKS ôfsein. Krekt yn it jier dat se 75 jier bestean is it stil op it wetter. Dochs is der ek posityf nijs foar de leafhawwers fan it skûtsjesilen, want yn it skipfeartmuseum is tongersdeitemiddei in tentoanstelling oer dy ôfrûne 75 jier iepene.

In simmer sûnder skûtsjes is in stap te fier, en dêrom komt Omrop Fryslân yn july twa wiken lang mei It Skûtsjesjoernaal op telefyzje. Yn de earste útstjoering binne René Nagelhout, foarsitter fan de SKS, en njoggenfâldich kampioen Douwe Jzn. Visser te gast. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.

(advertinsje)
(advertinsje)