Skûtsjesjoernaal nimt sjogger mei yn de skiednis fan 75 jier skûtsjesilen

04 jun 2020 - 18:02

It is foar skûtsjeskippers en -leafhawwers noch altyd hast net te leauwen. Foar it earst yn it 75-jierrich bestean fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen wurde der dit jier gjin wedstriden syld yn ferbân mei it coronafirus. Mar in simmer sûnder skûtsjes is in stap te fier, en dêrom komt Omrop Fryslân yn july twa wiken lang mei It Skûtsjesjoernaal op telefyzje.

De útstjoeringen komme alle dagen út it skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle dagen skowe der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby is der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.

Neist de petearen oan tafel binne yn it programma histoaryske reportaazjes oer de skiednis fan de SKS te sjen. Fierder sille ferskate keunstners in oade bringe oer har gefoel by it skûtsjesilen.

It Skûtsjesjoernaal is twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Yn de earste útstjoering binne René Nagelhout, foarsitter fan de SKS, en njoggenfâldich kampioen Douwe Jzn. Visser te gast. It programma is te sjen fan moandei 20 july oant en mei freed 31 july.

(advertinsje)
(advertinsje)