Flagge kin út yn Sint-Anne: alle learlingen Ulbe van Houten slagge

04 jun 2020 - 17:31

Learlingen meie dizze tongersdei de flagge úthingje dat se slagge binne foar harren eineksamens. Op dizze wize wurdt fierd dat learlingen harren diploma helle ha ûnder bysûndere omstannichheden. Troch de útbraak fan it coronafirus gienen de sintrale eineksamens net troch. De learlingen binne slagge op basis fan toetsen dy't earder dit skoaljier al makke binne. En ek al witte guon al lang dat se har diploma helle ha, no mei dan dochs echt de flagge út. Want 4 juny is útroppen ta 'nationale slagingsdag'.

De learlingen fan it Ulbe van Houten yn Sint-Anne wurde net opbelle, hjir komme de dosinten by de bern del om te fertellen oft se slagge binne. En by alle learlingen kin de flagge út, want foar it tredde jier op rige is net ien sakke.

Kening Willem-Alexander

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima hawwe alle learlingen dy't slagge binne lokwinske. "Hartelijk gefeliciteerd", sa seit de kening yn in fideo op Twitter. "Jullie zijn natuurlijk geslaagd in een bijzonder jaar. Het coronajaar. En dat nemen ze je ook niet meer af."

(advertinsje)
(advertinsje)