Reducept krijt subsydzje foar behannelmetoade coronapasjinten mei virtual reality

It bedriuw Reducept B.V. yn Ljouwert krijt subsydzje foar it ûntwikkeljen fan in behannelmetoade foar coronapasjinten. Reducept set virtual reality yn foar coronapasjinten dy't refalidearje moatte. Neffens it bedriuw kin de refalidaasjeperioade dêrmei in stik koarter en effektiver wurde.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Reducept is spesjalisearre yn it bestriden fan groanyske pine mei in virtual realitybril. Pasjinten traine mei sa'n bril de harsens om mei de pine om te gean. Neffens it bedriuw kin de metoade ek brûkt wurde foar minsken dy't mentale klachten ha trochdat se yn karantêne sitte of sitten ha.
De subsydzje komt fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland en de trije noardlike provinsjes. Dy ha in miljoen euro beskikber steld foar ynnovative corona-oplossingen. Njonken it Ljouwerter bedriuw ha ek fjouwer bedriuwen út Grinslân jild krigen.
Ferslachjouwer Willem de Vries wie by Reducept