UPDATE: 14-jierrige jonge út Dokkum yn goede sûnens weromfûn

De 14-jierrige jonge út Dokkum dy't sûnt woansdeitemoarn fermist wie, is fûn. Dat meldt de plysje fan Noardeast-Fryslân. De jonge is yn goede sûnens oantroffen.
© Plysje
De plysje wie sûnt tongersdei op syk nei minsken dy't wat sjoen hienen dat mei syn fermissing te krijen hie, of nei minsken dy't witte wêr't de jonge op dat stuit wie.
De fierdere omstannichheden fan de fermissing binne net bekend.