Hearrenfean rekket keeper Bednarek kwyt oan klup út Poalen

04 jun 2020 - 12:52

Sportklup Hearrenfean kin takom seizoen net beskikke oer keeper Filip Bednarek. De Poal giet nei Lech Poznan, in klup út syn heitelân. Hearrenfean en Bednarek koene it net iens wurde oer in kontraktferlinging.

Filip Bednarek - Foto: www.orange-pictures.nl

It leafst woe Hearrenfean Bednarek behâlde, mar finansjeel kamen beide partijen der net út. Earder waard al bekend dat Hearrenfean nei dit seizoen net fierder giet mei doelmannen Warner Hahn en Trevor Doornbusch.

Gjin keepers

Technysk manager Gerry Hamstra sei dat Hearrenfean twa keepers op it each hie en dat Bednarek dêr ien fan wie. "Maar wat hij wil, moet wel reëel zijn." Hearrenfean hat no foar takom seizoen noch net ien keeper fêstlizzen.

Lech Poznan waard sân kear kampioen fan Poalen. Op it stuit stiet de klup fyfde yn de Ekstraklasa, it heechste nivo yn Poalen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)