'Grote tafel' moet eeuwenoude kerk fan Augsbuurt redden

Nije wike begjint de stichting Alde Fryske Tsjerken mei de renovaasje fan de tsjerke fan Lytsewâld. Dy is bot fersakke. De hiele fundearring moat fernijd wurde.
© Stichting Alde Fryske Tsjerken / Google Maps
De tsjerke is fersakke trochdat it grûnwetterpeil yn it gebiet hiel leech is, seit direkteur Gerko Last fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken "Als de fundering dan niet sterk is, verzakt de hele boel. De toren staat wel op een stevige fundering, dus de kerk staat nu scheef."
De tsjerke fan Lytsewâld, yn de buert fan Kollum, is boud yn 1782. It wie de earste tsjerke dy't yn eigendom kaam fan de stichting Alde Fryske Tsjerken. Dat is no 50 jier lyn.

Needkonstruksje

De fersakking soarget foar brede skuorren yn de gevels en flieren, rúten dy't spontaan knappe en twifels oer de feilichheid fan it gebou. In needkonstruksje fan stiel soarget derfoar dat minsken no wol feilich de tsjerke yn kinne, mar dy kin der net altyd bliuwe.
"Rondom de hele kerk duwen we 50 betonnen palen de grond in, twee aan twee. Daartussenin komt een stalen constructie, en die zit dan vast aan de muur. Zo bouwen we een tafel van 25 poten onder de kerk. dat wordt de nieuwe fundering. Daarmee is het onmogelijk dat de kerk verder verzakt."

Renovaasje kostet tonnen

De renovaasje kostet trije ton. Dat is in protte jild, seit Last, mar it kin net oars. "Als we niets doen verzakt de kerk alleen maar verder."
De helte fan it jild komt by de provinsje wei, en fûnsen betelje ek in flink bedrach. Der stiet noch 20 tûzen euro iepen. "De komende week gaat er nog een verzoek naar onze donateurs", seit Last, "dus ik denk dat dat wel goed komt."