Wenningbrân yn Grou fluch ûnder kontrôle

By in brân yn in keuken yn in wenning yn Grou hat de brânwacht troch fluch yngripen slimmer foarkomme kinnen. Der rekke net ien ferwûne. De brân bruts út yn wenning oan de Nij Djipstrjitte. Njonken it korps fan Grou kaam ek de heechwurker út Ljouwert yn aksje foar de brân.
Wenningbrân yn Grou © De Vries Media
Der kaam by it ynsidint in soad swarte reek frij. Om't de brânwacht fan Grou it fjoer sa fluch de baas wie, hoegde gjin ekstra tankautospuit út Akkrum te kommen. Hoe't de brân ûntstean koe is noch net dúdlik. De wenning dêr't de brân wie, stiet op de nominaasje om sloopt te wurden.