Aksjegroep kundiget demonstraasje oan tsjin diskriminaasje yn Ljouwert

04 jun 2020 - 13:06

Yn Ljouwert wurdt nije wike in 'Black Lives Matter'-demonstraasje holden. Dat melde aksjefierders op de sosjale media. Tsientallen minsken ha oanjûn dat se komme.

Aksjegroep kundiget demonstraasje oan tsjin diskriminaasje yn Ljouwert

Neffens it berjocht op sosjale media begjint de demonstraasje nije wike sneon om seis oere jûns. It soe in oere duorje. De organisaasje ropt demonstranten op om rekken te hâlden mei de oardelmeterregels, en om mûlkapes op te dwaan.

In wurdfierder fan de gemeente Ljouwert seit dat der gjin melding makke is fan in demonstraasje.

Earder ha yn ûnder oare Grins, Amsterdam en Rotterdam ek demonstraasjes west tsjin rasisme, nei oanlieding fan de dea fan George Floyd, in swarte man yn Amearika.

Neffens de organisaasje fan it protest yn Ljouwert is it 'ynstitusjonele geweld' tsjin swarte minsken de lêste jierren 'yn it bysûnder' ta uting kaam tsjin freedsume demonstranten fan Kick Out Swarte Pyt (KOSP). Yn 2018 waarden dy demonstranten bedrige, en bekûgele mei aaien, troch pro-piten. Dy waarden net oanholden, mar de aksjefierders fan KOSP waarden troch de plysje yn buskes ôffierd.

Dit jier woe KOSP demonstrearje by it Sint-Piterfeest yn Grou. De boargemaster joech se de romte, mar wol oan de oare kant fan it wetter. De aksjefierders ha dêrop de demonstraasje ôfblaasd.

De organisaasje fan it protest komt letter mei mear ynformaasje oer de manier wêrop't it protest yn Ljouwert organisearre wurdt.

Foto: ANP
(Advertinsje)
(Advertinsje)