Rjochtsaak tsjin komst Portugeesk 'skriezefleanfjild', mei stipe út Nederlân

04 jun 2020 - 11:00

De komst fan it nije Portugeeske fleanfjild yn de delta fan de rivier Taag by Lissabon is noch gjin útmakke saak. Twa organisaasjes hawwe in rjochtsaak oanspand tsjin de plannen fan it fleanfjild yn it foar de skries wichtige natuergebiet. Se krije dêrby stipe út Nederlân wei.

Skriezen fleane op yn Portugal - Foto: Verónica Mendéz

It Portugeeske regear wurdt tongersdei foar de rjochter sleept troch de Portugeeske fûgelbeskerming en de ynternasjonale organisaasje ClientEarth. Dat binne ynternasjonale juristen dy't stride tsjin ditsoarte plannen.

It fleanfjild moat komme yn in sompegebiet dat hiel wichtich is foar fûgels, wêrûnder de skries. Dy hawwe it gebiet nedich om by te tanken foardat sy trochgean nei harren briedgebieten yn ûnder oare Fryslân.

Foar de skriezen jildt dat sy net gau nei in oar plak ferhúzje en dat betsjut yn de praktyk dat sy in hiel soad lêst krije fan startende en oankommende fleantugen. Dêrtroch sille de skriezen in soad enerzjy ferbrûke as sy opfleane en dat kin der ta liede dat se yn minne kondysje oankomme yn bygelyks Fryslân. Boppedat kinne se der langer oer dwaan om aaien te lizzen, as sy dêr al oan takomme.

Skriezen sammelje har yn de Taag monding - Foto: Verónica Mendéz

"It Portugeeske regear is bûn by de wet om de fûgels en de biotoop te beskermjen dy't ôfhinklik binne fan dit unike natuergebiet om te oerlibjen. Tastimming jaan foar in fleanfjild sil in soad skea betsjutte foar dit wichtige sompegebiet", seit advokaat Soledad Gallego fan ClientEarth.

"De Portugeeske autoriteiten hawwe net goed neitocht oer wat dat dit projekt mei dit wichtige sompegebiet docht. As sy op dit paad trochgean, stiet dat heaksk op Europeeske en nasjonale natuerwetjouwing en dat kinne wy net samar barre litte."

Skries op in pealtsje yn de Blokhússleatpolder - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De rjochtsaak rjochtet him dan ek benammen op de beoardieling dy't makke is oer de komst fan it fleanfjild. Dêryn wurdt de ynfloed fan it fleanfjild op de natuer deromhinne beskreaun. Earder makken ekologen en ûndersikers al dúdlik dat dy beoardieling net goed is, benammen omdat der hiel âlde gegevens brûkt binne.

Stipe út Nederlân

De striid tsjin it fleanfjild wurdt út Nederlân wei stipe troch ûndersikers en wittenskippers dy't meihelpe oan te toanen wêrom't it fleanfjild in min idee is. Fierders binne hast 40.000 hantekens ophelle en dy aksje rint noch hieltiten. De hantekens wurde ynkoarten oanbean oan it Portugeeske regear.

"Het zou mooi zijn als we de 50.000 halen", seit Kees de Pater fan Vogelbescherming Nederland, dy't de petysje opset hat. Hy wiist der op dat it Portugeeske regear op it stuit mear romte hat om in oar beslút te nimmen, no't der foar langere tiid minder flein wurdt fanwege de coronakrisis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)