Ien op de trije Fryske wurknimmers wurket yn sektor dy't swier krimpt troch corona

04 jun 2020 - 08:58

Fan alle wurknimmers yn Fryslân wurket 32 persint yn in sektor dêr't it oantal banen troch de coronakrisis tige bot ôfnimt. Dat meldt de útkearingsynstânsje UWV. Neffens dy organisaasje giet it om 80.000 minsken.

UWV: banekrimp yn Fryslân

Neffens it UWV hat de krisis grutte ynfloed op de wurkgelegenheid. It oantal banen krimpt yn 2020, benammen yn de útstjoerbransj, by reisburo's, yn de hoareka, kultuer, sport & rekreaasje, loftfeart en siertylt.

Benammen útstjoer- en opropkrêften rinne risiko op minder of gjin wurk. Se wurkje faker yn sektoaren dy't hurd rekke wurde.

Henk Heijtink fan it UWV

Der binne ek sektoaren dy't groeie: soarch en wolwêzen, iepenbier bestjoer, en post & koeriers. Dêr wurkje 67.000 minsken. Dat is 27 persint fan de Fryske wurknimmers. En yn ûnder oare it ûnderwiis, ICT en finânsjes nimt it oantal banen net of hast net ôf.

It byld yn Fryslân komt oerien mei dat yn oare provinsjes. Lanlik sjoen stiet Fryslân yn de middenmoat. Neffens it UWV komt dat troch de wurkgelegenheidsstruktuer.

Der wurkje hjir minder minsken yn sektoaren dy't hurd krimpe, lykas de siertylt en de loftfeart. Boppedat wurkje der relatyf in protte minsken yn de soarch en it iepenbier bestjoer. Dat binne sektoaren dy't groeie.

Jant van Dijk fan Congresbureau Fryslân sit mei de hannen yn it hier

(Advertinsje)
(Advertinsje)