Kollum: "Betrape"

"Om't der op tiisdeitejûn al mear as fjirtich kollums registrearre wiene dy't giene oer Halsema, de boargemaster fan Amsterdam, dy't krityk krige om't se in protest op 'e Dam mei fiiftûzen man trochgean liet, yn tiden fan corona, fiel ik der net in protte foar om dêr no ek noch oer te praten.
© Omrop Fryslân
Kollum fan Botte Jellema
Halsema rêdt har wol, en mei har ferklearring dat it net handich wie, mar dat der op it momint fan barren net mear wat reedliks oan te dwaan wie, is it wat my oanbelanget wol klear.
It punt is dat we no, rom twa dagen nei it foarfal, te sjen krije hoe ferskriklik hypokryt de razers oan 'e rjochterkant fan it spektrum binne. Ik ha trije dingen sjoen dêr't ik my fan ôffreegje hoe't we yn Nederlân yn fredesnamme sa fier kommen binne. Ik som se even op.
1. Hûnderten twitteraars mei in trekkerke en in timpeltsje yn de twitternamme, dy't mâl te kear geane tsjin Halsema; dat der optreden wurde moatten hie; dat se ôfsetten wurde moat; en dat dizze 'linkse gearkomste' 'ûnwettich' is. Hoe't dizze minsken oer harren eigen trekkerke hinne sjen kinne, is my in riedsel. We ha yn it neijier aardich wat fernielingen en ûnwettich-op-'e-sneldyk-riden-mei-lânbou-ark sjoen.
2. Amsterdamsk Forum-riedslid Annabel Nanninga, dy't der net oer út kin dat Halsema in spjeldsje mei '1873' op hie, in ferwizing nei de ôfskaffing fan 'e slavernij. Kin net, seit Nanninga, want mei sa'n spjeldsje op, is de boargemaster net mear ûnpartidich. Asof it mooglik is, of sels foarstelber foar Nanninga, dat de boargemaster in foarstanner fan slavernij is.
3. PVV'ers en FvD'ers yn 'e Twadde Keamer dy't roppe dat Halsema ûntslein wurde moat om't de demonstranten gjin oardel meter ôfstân hâlde, wylst se sels posters, kranten en fansels alles op sosjale media al wikenlang ynsette foar ferromming fan 'e regels, en dat we ôf moatte fan it oardel meter ôfstân hâlden.
Sorry, dan bist my kwyt. Dat is fansels allegearre ûnsin, en ik sjoch der ek 'dog whistles' yn: hûnefluitsjes. Sa neame je it yn it moderne debat as in politikus of opinymakker wat seit dat op it earste each noch wol te begripen falt, ek al binne je it der miskien net mei iens. Mar wichtiger is dat der in oar boadskip ûnder sit, dy't allinnich begrepen wurdt troch dyjinge dy't de taal fan dit type minsken ferstean. Sa't allinnich hûnen dy fluitsjes hearre kinne. En de 'dog whistles' yn dizze teksten binne dat it der net ta docht dat minsken fan kleur foar harren rjochten demonstrearje, want, no ja, dat kinst sels wol ynfolje.
It falt op dizze wize net ta om noch kritysk te wêzen op 'e linkerkant fan it ferhaal. Want ik bin it echt net iens mei hoe't it moandei gie. We ha hjir yn Amsterdam flink wat te lijen hân fan 'e coronakrisis. Dat giet net oer in pear hotels dy't ticht moasten, of oer dy ferrekte ferplichte winkelkarkes yn supermerken, mar dat giet oer oerbelêste sikehûzen, oer fersoargingshûzen dêr't je net mear op besite koene, dat giet oer 22 deaden yn ien soarchsintrum troch corona, dat giet oer de komplete kultuersektor dy't sûnder wurk sit en foarearst ek net mear oan it wurk kin, en oer miljarden oan oerheidsstipe dy't nei bedriuwen giet om't oars twa miljoen Nederlanners sûnder wurk sitte.
Weaget de bestriding fan rasisme dêr tsjin op? Dat is in ûnsinfraach. Ellinde kinne je nea mei ellinde fergelykje, dat is de wet fan ellinde. En jo kinne fansels prima tsjin rasisme wêze en faaljekant tsjin wêze op hoe't der yn dat nep-lân Ameerika mei de swarte mienskip om gien wurdt, en ûndertusken ek foarkomme dat corona ferspriedt. Jo kinne it iene dwaan en it oare net litte. De falske tsjinstelling dy't ik oan 'e ekstremere linkerkant fan it spektrum seach, slacht nearne op.
Mar rjochts. Jonges, jonges. Wat meitsje jimme it links maklik. Ik tink dat de fersteanders en ferstjoerders fan sokke boadskippen harren miskien wat betrape fiele, as se sjogge nei in demonstraasje tsjin rasisme."