Finansjele plannen Hearrenfean: Takom jier hast heal miljoen yn de plus
Nettsjinsteande de coronakrisis, de finansjele sitewaasje fan Thialf en de ûnwissichheden yn de jeugdsoarch en de wmo skriuwt de gemeente Hearrenfean foar 2021 in posityf risseltaat fan hast fiif ton.
It kolleezje fan Hearrenfean hat ynstimd mei de saneamde perspektyfnota. Yn sa'n plan bepraat de gemeenteried wat de útjeften de kommende jierren binne en hoefolle dat kostje mei. It is in belangrike nota om't it kolleezje fan boargemaster en wethâlders hjiryn oanjout watfoar saken prioriteit krije. It is dus in soarte fan offerte. It is gjin begrutting, dêryn wurde de gemeentlike útjeften en ynkomsten byinoar brocht.
Foar 2021 hat de gemeente in posityf risseltaat fan 467.000 euro. Foar 2022 binne de finansjele plannen fan de gemeente minder wis, benammen troch de jeugdsoarch en de wmo. Oant 2022 kin de gemeente Hearrenfean foar dy twa saken noch in berop dwaan op in bydrage fan 850.000 euro fan it Ryk. Hoe't dat dêrnei komt, is noch net dúdlik.
Wethâlder Hans Broekhuizen hopet dan ek dat it Ryk dan syn ferantwurdlikheid wer nimt. "Het niet sluitend maken van het meerjarenperspectief is ook een signaal naar de rijksoverheid, wij willen dat ze de werkelijke kosten beter afstemmen op de kosten voor het sociaal domein," sa seit de wethâlder.
Oer de takomst fan it iisstadion Thialf, dat finansjeel yn swier waar sit, sil de gemeente noch besluten nimme moatte. "Er is een miljoen euro vrijgemaakt die we kunnen investeren, maar welke keuzes de gemeenteraad daarin maakt dat moet nog duidelijk worden," stelt de wethâlder.
De perspektyfnota en ynvestearringsaginda wurde foarlein oan de gemeenteried. Op 2 july sil de gemeenteried in beslút nimme oer de perspektyfnota.