Merk Fryslân ferwachtet 'nei omstannichheden' knappe simmer

04 jun 2020 - 07:08

Martin Cnossen fan Merk Fryslân is bliid dat it kabinet grien ljocht jout foar fakânsjegongers út eigen lân en de buorlannen Dútslân en België. Cnossen rekkenet derop dat ek dizze simmer aardich wat Nederlanners, Dútsers en Belgen it paad nei Fryslân fine sille.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Dútsers binen trouwe besikers. Dy wite dat it hjir net al te drok is. Ik ferwachtsje dêrom dat dy it wol oandoare om hjir hinne te kommen", seit Cnossen. Hy ferwachtet ek mear Nederlanners, omdat in soad minsken dit foarjier gjin bûtenlânske fakânsje boekt hawwe fanwege it coronafirus.

Foar in knap simmerseizoen hat Cnossen noch ien winsk: de húskes op campings en yn jachthavens soene wer sa gau mooglik iepen moatte. It sanitêr moat no noch ticht bliuwe oant 1 july en dêrtroch is it foar in soad campings en jachthavens op dit stuit in toer om foldwaande omset te draaien.

Cnossen fernimt dat by de ûndernimmers it ûnbegrip hjiroer tanimt. Neffens Cnossen kin it sanitêr wol wer iepen. "Undernimmers wolle dat graach feilich dwaan en hawwe dêr faak ek goede oplossingen foar, lykas it ôfjaan fan in kaai oan fêste gasten."

Gjin massatoerisme

Fryslân is neffens Cnossen in tige gaadlike fakânsjebestimming yn coronatiid, omdat hjir gjin massatoerisme is. No't it kabinet grien ljocht jûn hat foar fakânsjegongers wol Merk Fryslân de online- werving ek wer op gong bringe. "Wy sille no wer in stapke ekstra sette. Net allinnich foar de simmer, mar ek foar it neijier."

Ofgeande op boekingen dy't earder dien binne is it foarútsjoch foar it heechseizoen hielendal net sa min, op betingst dat de húskes op campings en jachthavens wol wer iepen binne. "As we yn it neiseizoen noch in ekstra slach dwaan kinne, bin ik nei omstannichheden aardich tefreden."

Martin Cnossen fan Merk Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)