Refalidaasje nei corona: spierswakte en traumaferwurking

04 jun 2020 - 07:13

Revalidatie Friesland yn Beetstersweach kriget minder âld-coronapasjinten as ferwachte. Der komme noch hieltyd wol guon. De lokaasje hat ûndertusken tsien pasjinten yntern behannele en fjouwer polyklinysk. Dat falt refalidaasje Friesland bot ta. Se wiene taret op mear.

De measte Brabanners dy't yn Fryslân op 'e intensive care lein hawwe, refalidearje yn harren eigen provinsje. Neffens refalidaasjedokter Paul Pieter Hartman hawwe de measte âld-coronapasjinten mei wa't se yn Beetstersweach oan de slach gean, te lijen ûnder slimme spierswakte, se hawwe muoite mei slokken, de ferwurking en mei it ûnthâld. "Ik had liever dat mijn vet verbrand was dan mijn spieren", laket Hans Bakker wylst er op 'e hometrainer sit. "Want dan had ik mijn spierkracht nog."

"Soms komen de ex-covidpatiënten hier liggend binnen en kunnen ze niet veel meer dan dat", fertelt Hartman. De spierswakte komt troch de lange tiid dy't de pasjinten op de intensive care lein ha. De fysioterapeut spilet in grutte rol yn it werstel fan de spieren. Se dogge oefeningen om earst wer selsstannich sitte te kinnen en dêr komt hieltyd mear by.

"It is fan belang dat de pasjinten hjir hiel rêstichoan wer opbouwe", fertelt fysioterapteut Tineke van der Schaaf. Yn de rest fan it lân hawwe se sjoen dat as je te hurd fan steapel rinne, de weromfal sa slim wêze kin dat guon minsken wer oan it soerstof moatte of sels wer opnommen wurde moatte.

"Dat sjogge we hjir net, hear. We leare fan de rest fan it lân. Op in skaal fan 0 oant 10 meie pasjinten net mear as 4 dwaan kwa ynspanning." Der wurdt wurke oan it opbouwen fan selsfertrouwen, spierkrêft, kondysje en it sykheljen.

Hans Bakker giet stadichoan fierder op de hometrainer. Doe't er hearde dat er corona hie, tocht er dat it wol tafalle soe. Mar dat wie dus net sa. Hy hat brongitis en wie wurch fan syn wurk as Noardseefisker. Hy wie krekt werom fan see. In 10-0 achterstân, waard tsjin him sein. Hy laket wer: "Je zou kunnen zeggen dat ik het nu met 11-10 verslagen heb."

Wat Hartman noch mear tsjinkomt by de pasjinten is dat se dreech slokke kinne. Dat komt trochdat se beäzeme binne op de intensive care. Dêr kinne se lêst fan ha. Net alle eks-covidpasjinten ha op de IC lein. Der binne ek guon dy't op de gewoane coronaôfdieling lein ha. Mar de measten komme wol fan de IC.

Op it rantsje fan de dea

Yn Beetstersweach sjogge se ek nei it geastlike stikje dat corona mei him meibringt. Hartman: "Een groot aantal van de mensen vindt het heel heftig om erachter te komen dat ze op het randje van de dood hebben gelegen." Dat kin derfoar soargje dat de minsken eangstich binne en der noch bot lêst fan ha.

Neist de eangst kinne der ek problemen wêze mei it ûnthâld en de konsintraasje, seit Hartman. "In het zuiden zien ze dat tijdens de revalidatie. Dat hebben we hier nog niet gezien. maar wij hebben er wel aandacht voor door onderzoeken te doen."

Hans Bakker fertelt dat it net in soad skeelde of hy wie der ek net mear. Hoe't er der mei omgiet? Hy hellet de skouders op. "Kijk, ik ben geen dramaqueen. Gewoon blij zijn dat je het gehaald hebt."

Ferpleegd sûnder beskermjende klean

It momint dat der eks-covidpasjinten by de refalidaasje komme, is oars as gewoane pasjinten, fertelt Hartman. "Je moet nagaan dat de personen al weken, soms maanden, beschermd zijn verpleegd. Mensen met pakken aan en mondkapjes op. Dat hoeven wij hier niet te doen. Dus als ze hier komen, worden ze soms voor de eerste keer weer aangeraakt zonder handschoenen aan."

Bakker wit neat mear fan syn ferbliuw op de intensive care of fan minsken yn pakken. Hy bliuwt der nuchter ûnder. "Ze maken je weg en dan is het een groot zwart gat."

It werstel giet hurd

Hartman sjocht wol dat de pasjinten folle gauwer wer better wurde as oare refalidaasjepasjinten by harren op de lokaasje. "Er zijn bijvoorbeeld ook mensen die alleen een dagopname nodig hebben. Dit komt omdat het soms puur om de conditie gaat. Dan kan je in een week of zes heel ver komen." In eks-coronapasjint moat him thús rêde kinne. Dan kin hy yn prinsipe nei hûs, fertelt Hartman. "En als dat een gezonde thuissituatie is, kan dit vrij snel."

Bakker stapt noch op de roeimasine. Wylst fysioterapeut Van der Schaaf seit dat er wol rêstichoan dwaan moat. Bakker fielt him goed. Hy wol mar ien ding; en dat is sa gau mooglik de see wer op kinne. "Dat gaat lukken".

Ferslachjouwer Miranda Werkman praat mei âld-coronapasjint Hans Bakker

(advertinsje)
(advertinsje)