Waadeilannen wolle 38 miljoen euro fanwege skea troch coronakrisis

It gearwurkingsferbân fan de Waadeilannen freget steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske saken om finansjele stipe fan 38 miljoen euro fanwege de gefolgen fan de coronakrisis. Grutste argumint dêrfoar is dat de eilannen folle hurder rekke binne troch de krisis as oare regio's yn ús lân.
In hoarekabedriuw op Flylân © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Benammen it feit dat de eilannen ôfhinklik binne fan toerisme bringt de leefberheid yn gefaar, sa skriuwe de eilannen yn de brief. "Wij verwachten een halvering van het aantal toeristen in 2020 ten opzichte van 2019", lit boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach as foarsitter fan it gearwurkingsferbân witte.
Om't fearboaten noch hieltyd folle minder passazjiers oan board meinimme kinne, bliuwt it tal toeristen leger as gewoanwei, sa ferwachtet it gearwurkingsferbân.

Dit jier 20 miljoen

De Waadeilannen freegje útstel en frijstelling fan heffingen foar troffen bedriuwen. Dit jier moat der in finansjele stipe fan 20 miljoen euro komme.
Der is eangst dat de leefberheid fan de eilannen yn gefaar komt as bedriuwen yn de toeristyske sektor fallyt gean. "Omdat er geen alternatieve werkgelegenheid op de eilanden beschikbaar is vertrekken werkzame gezinnen dan naar de vaste wal. Voorzieningen als scholen of de zorg worden dan in hun voortbestaan bedreigd", stiet yn de brief nei Den Haag.

Letter 18 miljoen

Op langere termyn moat der in strukturelere oplossing komme om Teksel, Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach minder ôfhinklik te meitsjen fan toerisme. Dêr is dan 18 miljoen euro foar nedich. 14 miljoen euro moat fan 2021 ôf ynvestearre wurde, de oare fjouwer miljoen moat letter brûkt wurde om ûndernimmers en ynstellingen te freegjen om mei fernijende ideeën te kommen foar de 'Waadekonomy'.
It gearwurkingsferbân fan de Waadeilannen fynt dat 'Den Haag' gau jild op it kleed lizze moat, it leafste sels al yn de rin fan de simmer, neffens boargemaster Van Gent. "Het is van belang om de Waddeneilanden als toeristisch gebied van wereldklasse in stand te houden. Niet alleen voor de eilanden, maar ook voor de rest van Nederland, zeker nu buitenlandse bestemmingen voorlopig buiten beeld zijn."
Foarsitter Ineke van Gent fan it gearwurkingsferbân fan de Waadeilannen